Swimmer om it libben kaam

20 aug 2009 - 16:53

In noch ûnbekende man is tongersdeitemiddei om it libben kaam by de Tsjerk Hiddessluzen by Harns. In skipper op it Van Harinxmakanaal seach it lichem fan 'e man yn it wetter driuwen en warskôge de helptsjinsten.

In motorplysje en in kollega hawwe de man út it wetter helle. Hy wie doe al ferstoarn. Earder seagen tsjûgen dat ín man de klean útluts en yn it wetter dûkte. De man kaam dêrnei net mear boppe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)