Swimme troch de havens en yn de grêften fan Harns

15 aug 2015 - 12:52
  • Cityswim yn Harns
  • Cityswim yn Harns

Yn Harns wie sneon in swimtocht fan twa kilometer troch de havens en grêften. Gewoanwei wurdt yn see swommen, mar de organisaasje krige foar de seeswimtocht gjin tastimming, omdat de feilichheid fan de dielnimmers net garandearre wurde koe. Yn it bûtenwetter kamen se yn it farwetter fan de kommersjele skipfeart, lykas de fearboaten. Sa'n 130 minsken ha meidien oan de swimtocht, dêrfan wiene 27 wedstriidswimmers.

Dielnimmers en organisaasje wiene tefreden oer dizze opset, mooglik wurde tenei beide farianten wol organisearre.

Der wie in soad publyk, benammen de brêgen stiene fol. By it 'klúnplak' by de Leeuwenbrêge moasten de swimmers om de sluzen hinne en dus moasten se út it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)