Swimme op ´e Blikpôle

04 jul 2008 - 11:04

De Grouster jeugd kin fan sneon ôf swimme op ´e Blikpôle yn Grou. De gemeente hat it plak oanwiisd as offisjeel swimplak, no´t it iepenloftswimbad koartlyn ôfbrutsen is. It wetterskip hat de wetterkwaliteit ûndersocht en dy is goed. Wethâlder De_Vries nimt symboalysk de earste dûk.

It swimplak is tydlik, want op dit plak wurdt kommende winter de nije haven fan de Grouster wettersportferiening oanlein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)