Swimme foar it goeie doel

16 jul 2011 - 16:13

It begûn eins as in grap, mar sneon betiid kaam it der dochs fan. In swimtocht by de alve stêden del. Fiif freonen út Fryslân kamen ferline jier op it idee. It is de bedoeling dat de swimmers elk om bar in healoere swimme. Se dogge it om jild byelkoar te bringen foar de Doe een Wens-stichting. Hurd giet it net, 3 oant 4 kilometer yn 'e oere is de bedoeling.

Atlete Mariska Kramer en sjonger Syb van der Ploeg swommen sneon de earste pear kilometer mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)