Swimme foar 'Doe een wens'

19 jul 2011 - 09:59
  • De fiif swimmers

De fiif swimmers dy't dwaande binne mei de alvestêdetocht binne tiisdei oan de fjirde etappe begongen. Dy giet fan Frjentsjer nei Dokkum. It giet oant no ta hiel best mei de monstertocht, se leine alle dagen foar op it skema.

Woansdei is de lêste dei, dan swimme se fan Dokkum nei Ljouwert. Minsken kinne it lêste stik op de Bonkefeart meiswimme. Se moatte dan wol minimaal 10 euro betelje, dat is foar de Stichting "Doe een Wens".

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)