Swimles foar flechtelingebern

07 jun 2011 - 21:34

Dieneke Meijering fan Spannum jout 20.000 euro út foar swimlessen foar flechtelingebern. Se hat dat jild krigen fan de Postcode Loterij. Dat hat har ûnderskieden as frijwilliger fan Vluchtelingenwerk, dêr't se taallessen jout en helpt mei ynboargeringskursussen.

In soad fan dizze bern kinne net swimme. It gebeurt geregeld dat flechtelingebern ferdrinke of yn problemen reitsje yn it wetter. Letter dit jier begjinne de swimlessen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)