Swimklup Drachten yn problemen

26 maaie 2009 - 22:45

De Drachtster Swim- en Poloklup belibbet swiere tiden. Sûnt septimber fan it ferline jier kampt DZ&PC mei in bestjoerskrisis en finansjele problemen.

De klup moat skulden út it ferline saneare, wylst it badwetter yn swimbad De Welle ek djoerder wurden is. Dêrneist rint it ledetal stadichoan werom. Se ha op it stuit sa'n 600 leden, yn de topjierren wiene dat 900. Ek ha ferskate bedriuwen harren sponsorkontrakt dit jier net ferlingd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)