Swimfiver iepene yn Wolvegea

10 jun 2007 - 12:18
  • Iepening fan de swimfiver (foto: Lenus van der Broek)

Mear as 1000 minsken kamen sneon ôf op de iepening fan de nije swimfiver yn Wolvegea. De fiver is 350 meter lang en leit by de Lindewyk yn Wolvegea.

De iepening waard ferrjochte troch de bruorren Storm en Merijn van den Broek. Symboalysk dûkten sy in skat op. It die bliken dat dy skat in âld testamint wie. Dêryn stiet dat de swimfiver troch de gemeente beskikber steld wurde moat oan de bern fan Wolvegea en omkriten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)