Swimferbod troch blau-alch

07 aug 2009 - 09:43
  • Blau-alch yn Burgumermar en by Fluezen

Op twa plakken yn Fryslân jildt fan freed ôf in swimferbod. It giet om de Burgumermar by rekreaasjesintrum Klein Zwitserland en om De Fluezen, by de Galamadammen. Op beide plakken sit blau-alch yn it wetter. It swimferbod is oplein troch de provinsje. Dy fynt it net ferantwurde om te swimmen, om't je siik wurde kinne as je mei blau-alch yn oanrekking komme.

De provinsje hat buorden delset om swimmers en oare wettersporters te warskôgjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)