Swimferbod foar Burgumermar

21 jul 2000 - 17:42

It is fan no ôf ferbean om te swimmen op de lokaasje 'Klein Zwitserland' yn de Burgumermar. Ut mjittings hat bliken dien dat der tefolle koly-baktearjes yn it wetter sitte. Swimmers kinne dêrtroch lêst fan de terms en de mage krije.

Tusken it smoarge wetter en it Rendacfabryk, dat der tichtby stiet, is gjin ferbân oantoand. It wetterskip tinkt dat it swimferbod in wike duorje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)