Swimferbod De Vleyen op It Amelân wer ynlutsen

27 maaie 2015 - 18:04
  • Blau-alch

It negatyf swimadvys foar rekreaasjegebiet De Vleyen yn Nes op It Amelân is wer foarby. Ferline wike wie der blau-alch konstatearre en dêrom hie de provinsje it ferbod ynsteld. De konsintraasje blau-alch wie sa heech, dat der gefaar foar de folkssûnens wie.

Dat is no net mear sa. Om't de blau-alch noch net hielendal ferdwûn is, jildt der noch al in warskôging. Dat is mei buorden oanjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)