Swimbadferbod foar relskoppers

22 apr 2009 - 15:36

Minsken dy't foar problemen soargje yn in Frysk swimbad binne yn de takomst ek net mear wolkom yn de swimbaden yn Grinslân en Drinte. De swimbaden yn de trije noardlike provinsjes wurkje oan in swarte list fan relskoppers. Dêrop komme dan bygelyks minsken dy't fochten hawwe yn it swimbad.

De swarte list is ûnderdiel fan in grut protokol fan alle noardlike swimbaden dêr't se gedrachsregels yn fêstlizze. De plysje krijt de list ek, sadat se fluch yngripe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)