Swimbad Wommels noch ticht

02 maaie 2006 - 21:57

It swimbad yn Wommels is noch oant woansdei ticht fanwege in technysk mankemint. It bad hie moandei iepen sillen, mar doe die bliken dat ien fan de suveringspompen stikken is. Der wurdt hurd oan wurke om de pomp wer oan de praat te krijen. Dêrnei moat it wetter op temperatuer brocht wurde.

It bad fan Wommels is dit jier nei alle gedachten foar it lêst iepen omdat it nije bestjoer net langer trochgean wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)