Swimbad wol griene enerzjy

11 jul 2011 - 12:06

Swimbad De Klomp yn Wommels hâldt in sponsoraksje foar griene enerzjy. Minsken kinne dêrfoar in nacht lang swimme. Mei it jild dat dêrmei ophelle wurdt wol it swimbad oerstappe op sinne-enerzjy, bygelyks foar de ferwaarming fan it wetter.

De aksje wurdt oare wike freed holden. Swimmers kinne har sponsorje litte en sa jild by elkoar bringe. Der binne dy nacht ek allegear oare aktiviteiten yn it swimbad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)