Swimbad telt 50.000ste besiker

21 jul 2006 - 17:56

Swimbad de Wettervlecke yn Surhúster- fean hat freed de 50.000ste besiker fan dit seizoen hân. Linda van der Meer (13) fan Drachtster Kompenije is yn it sintsje set troch de foarsitter fan it swimbad.

De Wettervlecke helle ferline jier twa wike letter de 50.000ste besiker. It rekord stiet 73.000 yn ien seizoen. It swimbad yn Surhústerfean hopet dat dat dit seizoen sneuvelet en dat de teller op 75.000 besikers útkomt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)