'Swimbad Stiens moat djoerder'

12 okt 2006 - 15:09

De priis fan in kaartsje fan it swimbad yn Stiens moat flink omheech. De gemeente Ljouwerteradiel kin net trochgean mei it oansuverjen fan de tekoarten. Dat skriuwe B&W yn de begrutting fan takom jier.

De gemeente draait no noch op foar 60% fan de tekoarten. Ljouwerteradiel wol fierder besunigje op ûnderhâld oan de diken. De gemeente kin mei muoite in slutende begrutting presintearje. De rioelheffing giet takom jier omheech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)