Swimbad St. Anne opknappe

05 sep 2008 - 14:30

It swimbad fan Sint Anne moat opknapt wurde. Dat fynt it kolleezje fan B&W yn de gemeente It Bilt. Ferskate ynwenners hiene al by twa ynsprekjûnen en in tillefoanysk ûndersyk oanjûn it swimbad tige belangryk te finen.

De gemeente kiest net foar in folsleine nijbou. Dat soe tefolle jild kostje. Troch te kiezen foar in opknapbeurt hâldt de gemeente genôch sinten oer foar oare saken lykas it ûntwikkeljen fan doarpsfyzjes, it ferkearsplan, jeugdbelied en toerisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)