'Swimbad Skier moat dochs iepen'

27 mrt 2002 - 00:00

De trije fraksjes fan Skiermûntseach ha tiisdei in moasje yntsjinne by B&W. De partijen wolle dat nochris besjoen wurdt oft it swimbad De Dúnotter fan 't simmer dochs iepen kin. It swimbad is twa jier lyn sletten omdat der in soad technyske mankeminten wiene. Neffens de fraksjes moat der dochs in betelbere oplossing socht wurde. Se wolle foar 30 april antwurd fan B&W.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)