Swimbad op It Bilt faker ticht

23 okt 2012 - 17:14

It swimbad yn Sint Anne moat faker ticht troch de besuniging fan goed 40.000 euro fan It Bilt. Dat ferwachtet direkteur Jelte Dijkstra. Om de begrutting rûn te krijen wol de gemeente 10 persint op it swimbad besparje. De iennige mooglikheid om te besparjen is om te snijen yn it personiel. Dat hat konsekwinsjes foar de tsjinstferliening.

Dijkstra is ûnoangenaam ferrast troch de hichte fan de besuniging. De Bildtse Slag hat dochs al te krijen mei ôfnimmende ynkomsten, omdat der minder bern binne dy't swimles hawwe.

Op it Bilt is ek gjin skoalswimmen mear, wat ynkomsten skeelt foar it swimbad. Dijkstra wol ynkoarten mei it bestjoer oerlizze oer de konsekwinsjes fan de besunigings. Njonken it swimbad wurdt ek de bibleteek flink troffen troch de besunigings op it Bilt. Dy hat no noch in festiging yn Sint Anne en yn Froubuorren, Minnertsgea en Sint Jabik binne saneamde 'lytse bybs'. De bibleteek moat 20.000 euro besparje, mar wat de konsekwinsjes dêrfan binne, is net dúdlik. De direkteur wie tiisdeitemiddei net berikber foar kommentaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)