Swimbad Nij Sudersé bliuwt foarearst gewoan iepen

19 des 2014 - 20:54
  • Swinmme

Swimbad Nij Sudersé op De Lemmer bliuwt foarearst gewoan iepen. Dat seit Anneke Hulshoff, behearder fan it swimbad. Tongersdei waard it swimbad fallyt ferklearre. Neffens Hulshoff moatte de minsken net de dupe wurde fan in konflikt dat spilet tusken har en eigener Gert Jan Mondeel.

Kurator Rick van der Spek ûndersiket op dit stuit de saak. It fallisemint hat noch gjin gefolgen foar it personiel en de klanten fan it swimbad. Hulshoff ferwachtet dat de kurator binnen seis wiken mei in resultaat komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)