Swimbad Menaam bliuwt ticht

06 mrt 2013 - 12:15
  • Schatzenburg

It swimbad op Schatzenburg by Menaam giet dizze simmer net iepen. Eigener Piet Siderius fan it park hat problemen mei behearder Ron van Booma. Dy soe tefolle macht ha op it park en út eigen beweging samar gas, wetter en ljocht fan bygelyks rekreaasjewenten ôfslute. Siderius wol fan Van Booma ôf en hat dêrom besletten it swimbad ticht te hâlden.

Ron van Booma seit dat er it hiel spitich fynt as it swimbad ticht bliuwt. Dat makket de ferhier fan húskes net makliker.

De gemeente Menameradiel hie krekt besletten ek dit jier it swimbadgebrûk te stimulearjen troch koarting te jaan op de abonneminten. Wethâlder Lute Pen sjocht foar de gemeente gjin rol by in mooglike bemiddeling. Al sil hy wol kontakt opnimme mei de eigeners om te hearren wat der no krekt oan de hân is. De hoareka is de dupe fan it tichtbliuwen fan it swimbad, want as de húskes leech bliuwe is der kwalik omset. Kommende sneon is der noch oerlis mei in oantal bungaloweigeners oer de swimbadsaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)