Swimbad krijt 'luie trep'

08 aug 2014 - 19:16
  • Wehâlder Doeke Fokkema en foarsitter Dolf Rodenhuis ûndertekenje it sertifikaat
  • Ek de jeugd hat in soad wille fan de trep

Iepenloftswimbad De Sawn Doarpen yn Gytsjerk hat in saneamde 'luie trep' krigen. Dat is in trep dy't diagonaal it swimbad yn giet, sadat swimgasten maklik it wetter út kinne. De trep is skonken troch in anonime jouwer.

It bestjoer fan it swimbad is tige wiis mei de trep, om't no mear gasten gebrûk meitsje kinne fan it bad. Foar âldere swimmers is it faak dreech om it wetter út te gean, omdat se har fia in steil trepke oplûke moatte. It swimbad kin net sizze hoe djoer de trep wie, mar wol is dúdlik dat it om inkele tûzenen euro's giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)