Swimbad Kollum wer iepen

03 jul 2008 - 17:41

Beide baden fan swimbad ´t Paradyske yn Kollum binne fan no moandei ôf moarns wer iepen. Dat wie oant no ta dit seizoen wol oars. Troch de strangere feiligensregels wie der net genôch persoaniel om tafersjoch te hâlden op sawol it 25-meter bad as it rekreaasjebad.

Dat wie net nei it sin fan de fêste swimgasten. Derom waarden hantekens sammele en in petysje oanbean oan de ferantwurdlike minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)