Swimbad Hallum hat opknapbeurt nedich en begjint petysje

15 jan 2016 - 13:35
  • De Sawn Stjerren yn Hallum

It bestjoer fan De Sawn Stjerren yn Hallum is mei in petysje begûn om derfoar te soargjen dat de gemeente Ferwerderadiel mei jild oer de brêge komt foar in opknapbeurt fan it iepenloftswimbad. De gemeente, dy't eigener is fan it swimbad, nimt yn febrewaris in beslút oer de finansiering. Mei de petysje wol it swimbadbestjoer sjen litte hoe grut it draachflak is yn en bûten it doarp foar it swimbad.

Opknapbeurt

Der is hûnderttûzen euro nedich foar de opknapbeurt. Under oare de tegels moatte ferfongen wurde. Wannear't der gjin jild komt fan de gemeente, dan moat it swimbad de doarren slute, tinkt it bestjoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)