Swimbad Gytsjerk opknapt

29 mrt 2007 - 20:42
  • swimbad Gytsjerk wurdt opknapt

Tytsjerksteradiel nimt maatregels om de lûdsoerlêst by swimbad De Sawn Doarpen yn Gytsjerk te ferminderjen. Omdat neffens omwenners de hjoeddeiske ôfskieding it lûd net genôch keart, wurdt dy ôfskieding ferfongen.

Ek wurde oare saken by it swimbad oanpakt. Sa komt der in nij stek, wurdt de yngong opnij ynrjochte en wurdt de glydbaan ferfongen. De kosten fan it opknappen wurde takom jier trochberekkene yn de tagongsprizen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)