Swimbad per direkt ticht

15 nov 2013 - 12:33
  • Swimbad De Wetterstins yn Burgum

Swimbad De Wetterstins yn Burgum is freedtemoarn fuortendaliks tichtgien. By ynspeksje die bliken dat de draachkonstruksje oan ûnderhâld ta wie. Renovaasje fan it swimbad stiet al langer op de aginda. It is no ynplend foar 2015. Yn de tuskentiid hie it swimbad frege om ekstra ynspeksjes. Dêr die út bliken dat de pilaren ûnder it dak fernijd wurde moatte.

Swimklanten wurde sa gau as mooglik op 'e hichte brocht fan de tydlike sluting fia de webside, twitter en de streekkrante Actief. Nei alle gedachten is it swimbad op 25 novimber wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)