Swimbad De Gordyk giet iepen

30 maaie 2014 - 10:57
  •  swimme

Hast in moanne letter as oars giet freedtemiddei it iepenloftswimbad fan De Gordyk iepen. De lette iepening is it gefolch fan skeel tusken de gemeente Opsterlân en de eksploitant fan it bad. Troch in ôfnimmend tal besikers en oprinnende kosten foar enerzjy wurdt mei ferlies draaid. Reden foar de eksploitant om it bad ticht te hâlden. Mar no't de gemeente ienmalich 20.000 euro yn it bad ynvestearret kin it wer iepen.

Nij is wol dat it bad net mear moarns iepen is en middeis allinnich as it waar it talit en der genôch besikers komme.

Nije wike wurdt fierder praat oer in strukturele oplossing foar de bekostiging fan it Gordykster iepenloftswimbad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)