Swimbad Bûtenpost ûnwis

29 okt 2008 - 06:33

De takomst fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost sjocht der net goed út. Dat is de konklúzje fan ûndersyksburo Price Waterhouse Coopers. It oerdekte swimbad hat net genôch mooglikheden om winst te meitsjen, wylst de kosten de kommende jierren allinnich mar heger wurde.

Neffens Price Waterhouse Coopers moat de gemeente Achtkarspelen goed sjen oft it swimbad wol iepen bliuwe moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)