Swimbad brûkt as berne-opfang

11 aug 2000 - 12:04

Swimbaden wurde hieltyd mear brûkt foar de opfang fan bern. Dat seit bedriuwslieder Huizenga fan swimbad It Gryn yn Stiens. Alden litte har kroas achter en geane sels bygelyks te boadskipjen.

De bern krije in kaai of in mobyl telefoannûmer mei foar needgefallen. Badmasters kinne neat oan de ûntjouwing dwaan. Yn 'e Rânestêd is it noch slimmer. Ferline wike ferdronk dêr in jonkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)