Swimbad Bûtenpost mei ferkocht

12 jan 2012 - 22:30

Swimbad De Kûpe yn Bûtenpost mei ferkocht wurde. Betingst is wol dat der in bad fan 25 by 10 meter bliuwt. Dat hat de gemeenteried fan Achtkarspelen tongersdei besletten.

By de riedsgearkomste wienen sa'n 100 leden fan de swimklup. De klup wie benaud foar sluting fan it swimbad. Dat liket no foarearst net te gebeuren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)