Swimbad Aldegea giet wer iepen

23 jun 2006 - 11:19

Natoerswimbad 'De Aldegeaster Brekken' yn Aldegea Wymbrits, wurdt op 1 july wer yn gebrûk naam. Der is in nij stikje strân oanlein, der binne nije stekken pleatst en ek binne der grutte stikken wâl ophege.

It swimbad is al in jier lang fergees foar alle bewenners fan Aldegea. Dat sil ek no sa bliuwe. Fierders binne der dy dei noch mear dingen te belibjen yn it doarp. Sa binne der foar bern in protte spultsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)