Swimalvestêdetocht slagge

20 jul 2011 - 14:42

De fiif freonen dy't de Alvestêdetocht swommen ha, binne woansdeitemiddei yn Ljouwert oankommen. It lêste ein fan 500 meter swommen tsientallen minsken mei yn de Bonkefeart.

De swimmers giene sneon fan start foar 200 kilometer lâns de alve stêden. Yn estafette ha de manlju om bar in stik swommen. Nea earder waard de tocht swimmend ôflein. De jonges swommen foar it goede doel, de Stichting Doe Een Wens. Se ha oant no ta 5.000 euro ophelle, mar der komt mear jild binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)