Swietere paprika foar skoalbern

13 maaie 2005 - 12:42

Bern fan ROC Friese Poort yn Snits kinne no neist sûkelade en frisdrinken ek komkommers en paprika's op skoalle keapje. It idee dêrfoar komt fan de bedriuwen Mos griente en fruit út Sint Anne en automateprodusint Bergsma fan Makkum.

De griente wurdt ferkocht ûnder de merknammen komkommer-in en sweetbite. Om de griente oan de man te bringen, is de paprika justjes swieter as oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)