"Swierste Alvemarretocht sûnt jierren"

09 maaie 2015 - 15:46
  • Alvemarretocht

De Alvemarretocht op de fyts hat yn tsien ier net sa swier west as sneon. Dat komt troch de hurde wyn. Dat seit Hylke van der Meulen fan de organisaasje. Sneon is de 48e edysje fan de tocht. Troch de waarsomstannichheden foel it tal dei-ynskriuwings wat ôf. Hope wie op 4500 dielnimmers, mar it binne úteinlik sawat 4000 wurden. De earste dielnimmers wiene om sawat ien oere al werom yn Snits dêr't de tocht ek begûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)