Swierferwûnen by botsing

08 nov 2004 - 17:29

By in frontale botsing binne sneon by Spangea twa manlju ferwûne rekke. De slachtoffers, út Ossensyl en Oldemarkt, sieten yn in auto dy't mei grutte faasje oer de Spangeasterhoek ride.

Omt yn de berm auto's parkeard stiene moast har auto útwike. In auto út de oare rjochting koe har net mear ûntwike en in botsing wie it gefolch. De slachtoffers binne mei swier harsenletsel en eachletsel oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)