Swierferwûne by stekpartij

07 aug 2010 - 12:28
  • (Foto: Marc Stijger/112fryslan.nl)

De plysje siket tsjûgen fan in stekpartij freedtejûn op de krusing fan de Eems mei de Overstesingel yn Drachten. Dêrby is in 16-jierrige jonge út Nij Beerta swierfewûne rekke. In tsjûge seach it slachtoffer op de Eems swalkjen yn selskip fan in jonge en famke. De tsjûge fertroude de saak net en belle de plysje. De jonge en it famke naaiden út.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan boarst en rêch earst nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)