Swierferwûne by stekpartij

11 maaie 2004 - 00:00

Yn in wenning oan it Noorderhof yn Drachten is moandeitenacht in ûnbekende man delstutsen. De man krige spul mei de 20-jierrige bewenner fan de wenning. Dy stuts dêrop de besiker mei in mes yn 'e halsstreek.

It slachtoffer is swierferwûne oopnaam yn it Akademysk Sikehûs yn Grins. Sy tastân is stabyl. De 20-jierrige Drachtster hat him letter yn de nacht meld by de plysje. Hy sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)