Swierferwûne slachtoffer Drachten kin noch net heard wurde

06 jan 2016 - 10:30

De plysje kin it slachtoffer fan de eksploazje yn Drachten fan oardel wike lyn noch hieltyd net hearre. De 46-jierrige bewenner is noch te swier ferwûne om mei de plysje te praten, en syn behanneling giet foar.

In gaseksploazje yn syn appartemint soarge derfoar dat in diel fan de flat yn de Nachtegaalstrjitte ynstoartte. Hoe't de eksploazje ûntstien koe, is noch net dúdlik. 45 minsken rekken dakleas troch de eksploazje, tsien fan harren ha yntusken in nije wenning fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)