Swierferwûne nei fjochterij

07 okt 2012 - 13:38
  • Geweld

De plysje hat sneontenacht yn Koatstertille in 15-jierrige ynwenner oanholden foar swiere mishanneling. De jonge hie dy nacht om goed fjouwer oere op de Tillebuorren spul krigen mei in 27-jierrige doarpsgenoat. Hy sloech de man en dy rekke bûten westen. It slachtoffer waard mei de ambulânse earst oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Nei ûndersyk waard besletten him nei it UMCG yn Grins te bringen. Plysjes hawwe de 15-jierrige thús oanholden en him foar neier ûndersyk ynsletten op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)