Swierferwûne by elektrokúsje

23 des 2011 - 09:43

In 23-jierrige man út Sint Anne is freedtemoarn yn Ljouwert swierferwûne rekke by in elektrokúsje. De man waard by it trafostasjon oan de Esdoornstrjitte yn Ljouwert fûn troch personiel fan it Comenius-kolleezje. Dy soene op skoalle mei de bern it krystfeest fiere.

It slachtoffer is nei it Martini-sikehûs yn Grins brocht. Hy wie net oansprekber, doe't er fûn waard. Neffens Jelle Wils fan Tennet, behearder fan it transformaasjestasjon moat de man oer it stek klommen wêze, want dat is nergens fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)