Swiere mishanneling yn Koudum

26 apr 2011 - 10:42

In 32-jierrige Koudumer is op 'e jûn fan peaskemoandei oanhâlden foar besykjen ta swiere mishanneling. De man krige by in hûs oan de Ooste yn Koudum rûzje mei in 41-jierrige plakgenoat. De 32-jierrige stapte yn de auto, ried hurd achterút en rekke de 41-jierrige. By it fuortriden waard deselde man ek nochris rekke troch de bûtenspegel fan syn auto.

De fertochte is oanhâlden by syn hûs. It slachtoffer rekke licht ferwûne, mar hoegde net nei in dokter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)