Swiere mishanneling yn De Pein

08 apr 2007 - 11:15

De plysje hat twa manlju út Drachten oppakt foar mishanneling. Se hiene in man en syn soan fan de Grinzer Pein yn elkoar slein nei in ûngelok.

De Drachtsters knalden achterop de auto fan de Grinslanners. Doe't de slachtoffers it kenteken noteare woenen, begongen de Drachtsters har te slaan mei in izeren foarwurp en in stok. De heit rekke dêrtroch bûten westen. Ek hie er ferwûnings oan in foet, in earm en in hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)