Swiere mishanneling Snits

26 okt 2014 - 11:52

In 26-jierrige Snitser is yn de nacht fan sneon op snein troch twa plakgenoaten fan 25 en 39 jier yn syn hûs mishannele. It slachtoffer ferklearre tsjinoer de plysje dat er midden yn de nacht wekker waard omdat der ien op syn foardoar sloech. Doe't de Snitser iepen die, seach er de beide stedsgenoaten stean. Dy kamen syn hûs yn en foelen him oan. It slachtoffer rekke ferwûne en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. Hy hat oanjefte dien.

De oanlieding foar de mishanneling is noch ûndudlik. De beide fertochten sitte fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)