Swiere mishanneling poppe

16 sep 2012 - 15:25
  • De fertochte waard op dit plak oanhâlden foar de mishanneling fan in poppe

De plysje hat sneon in Ljouwerter (32) oanhâlden foar it sa swier mishanneljen fan in lytse poppe, dat je fan in besykjen ta deaslach sprekke kinne. Tsjûgen seagen dat de man, nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs, hiel rûch mei in lytse poppe omgie.

De man rûn slingerjend oer de Nieuweburen mei in poppe fan in pear moanne op de earm en botste hast mei de bernewein tsjin in beam. De poppe moast bot gûle. De plysje seach letter op it Cambuursterpaad dat de man de poppe oan ien earm yn de loft hâlde en hat de man dêrop oanhâlden.

De man fersette him bot tsjin syn oanhâlding en moast troch ferskate plysjes yn betwang hâlden wurde. Hy waard dêrom yn de boeien slein. Undersyk hat yntusken útwiisd dat de man de heit fan de poppe is. De poppe is mei de mem nei it MCL brocht foar medysk ûndersyk. De poppe hat gjin letsel oerhâlden oan de kuier. Poppe en mem binne dêrom wer nei hûs brocht.

De plysje wol de saak wol graach fierder ûndersykje en siket dêrom kontakt mei tsjûgen dy't de man mooglik sjoen hawwe mei de poppe op de earm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)