Swiere mishanneling Ljouwert

23 maaie 2013 - 10:38
  • Geweld

In 43-jierrige man út Ljouwert wurdt fertocht fan swiere mishanneling. De man ried woansdeitejûn yn de Vredeman de Vriesstrjitte mei opsetsin in 49-jierrige stedsgenoat oan. De manlju hiene spul krigen en de fertochte woe it slachtoffer slaan mei in hingslot. In omstanner koe dat foarkomme, wêrnei't it slachtoffer op 'e fyts ôfsette. De fertochte stapte yn de auto en ried de fytser oan en ried dêrnei hurd fuort.

De plysje koe de man net mear achterhelje, mar wit wa't it is. It slachtoffer sil oanjefte dwaan fan swiere mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)