Swiere mishanneling Ljouwert

28 apr 2012 - 14:31

De plysje docht ûndersyk nei de swiere mishanneling fan in 33-jierrige ynwenner fan Grins en in 26-jierrige ynwenner fan Ljouwert. De mishanneling wie yn de nacht fan freed op sneon op it Bilgaarderpaad yn Ljouwert. De slachtoffers waarden yn in rûzje mei twa oare manlju skopt en slein. It 33-jierrige slachtoffer waard dêrneist ek noch yn it wetter smiten.

De slachtoffers wisten úteinlik oan har belagers te ûntkommen. It 33-jierrige slachtoffer is yn it sikehûs oan syn ferwûnings holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)