Swiere mishanneling De Tille

10 nov 2013 - 14:20

De plysje is begûn mei it ûndersyk nei in swiere mishanneling yn Koatstertille. By dy mishanneling soe in 53-jierrige ynwenner fan dat doarp mei in izeren staaf slein wêze. De man wie wekker wurden fan fjoerwurk dat yn syn tún ôfstutsen wie. De man syn soan hie dejingen dy't it fjoerwurk ôfstutsen hiene, dêr ek op oansprutsen.

De heit waard mishannele mei de staaf. Hy rûn ferwûnings oan de holle en de heup op. Twa ynwenners fan Koatstertille, fan 27 en 20, binne oanhâlden en ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)