Swiere lotting Hollân acht

27 jul 2012 - 12:03

De Hollân Acht, mei roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap, hat it net troffen mei de lotting. It flaggeskip is mei de earste searje op sneon keppele oan toppers as Dútslân, Kanada en Ingelân.

De Dútsers hawwe al sûnt 2008 yn Peking net mear in wedstriid ferlern. Kanada hat it wrâldrekôr yn hannen en Ingelân roeit foar eigen publyk. De winner fan de searje pleatst him streekrjocht foar de finale. De oare lânnen krije noch in werkânsing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)