'Swiere laserpinnen ferbiede'

20 nov 2012 - 21:26

Sterke laserpinnen moatte ferbean wurde, dat fynt CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe út Boalsert. Hy tsjinnet in wetsfoarstel yn om de pinnen yn de wapenwet op te nimmen. De laserpinnen binne ienfâldich fia ynternet út it bûtenlân te heljen. Piloaten en treinmasjinisten wurde geregeld út de fierte mei laserstrielen yn de eagen skynd, wêrtroch se ferbline wurde. Ek kinne se bliuwende skea oan de eagen oprinne. Yn Fryslân gebeurt it geregeld dat de traumahelikopter hindere wurdt mei in sterke striel.

In jier lyn waarden twa Ljouwerters feroardiele ta wurkstraffen omdat se de rêdingshelikopter by de fleanbasis beskynd hiene. De Rouwe neamt de swiere laserpinnen 'digitale flammewerpers' dy't op boartersguod lykje, mar libbensgefaarlik binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)