Swiere krityk op 323 Squadron

26 jun 2008 - 10:40
  • Luchtmacht ûndersiket útspraken F16 side

De Luchtmacht ûndersiket útspraken dy´t dien binne op de webside www.323squadron.nl. Op dizze side fan it F16-squadron fan de Ljouwerter fleanbasis stiet swiere krityk te lêzen op de luchtmachtstêf.

De stêf skraste koartlyn in skets foar op de jubileumsturt fan in F16. Dêr stiet in ôfbylding op fan in healneaken Diana, goadin fan ´e jacht. De ûnbekende skriuwer op de webside tinkt dat dat te seksy is. De fleanbasis is net bliid mei de krityk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)